Over ons
Greidhoeke yn Bedriuw is Grutsk op ús ûndernimmers
EASTEREIN - Op ‘e Skille en Waadhoeke in Bedrijf gean in gearwurking oan. Wêr’t Op ‘e Skille yn ‘e Greidhoeke hûs oan hûs op ‘e mat falt mei it nijs, sport, aktiviteiten, human interest en ynformaasje oer bedriuwen soarget Waadhoeke in Bedrijf foar ûnderlinge bining en sichtberens op ynternet fan bedriuwen yn de gemeente Waadhoeke. Yn oktober start Greidhoeke yn Bedriuw.
Eigener Gerben van Snits fan Op ‘e Skille hat yn it foarjier yn petear west mei Wouter van der Molen oer Waadhoeke in Bedrijf. It resultearre yn in artikel yn ‘e krante oer it bedriuw fan de Frjentsjerter. It idee om bedriuwen op sa’n wize mei-inoar te ferbinen stiet Gerben ek wol oan: “It grutsk wêze op wat de regio sterk makket jildt net allinnich foar Waadhoeke in Bedrijf, mar ek foar Op ‘e Skille. It hat in soad oerienkomsten, mar it ien is op papier en it oar digitaal. Dat kin inoar goed fersterkje.”
Waadhoeke in Bedrijf hat in eigen webside, dêr’t oansluten bedriuwen harren presintearje kinne en oer Google better te finen binne. It konsept is de lêste fjouwer jier fierder ûntwikkele troch Wouter en omfettet neist de webside en in Facebookside no ek in magazine en kofjemominten foar fysyk kontakt. Fansels binne der mear mooglikheden, seit Wouter: “We hawwe ienris mei tsien ûndernimmers stands hierd op in beurs. Dan stiest byinoar en hast mei-inoar in gesellige dei en kinst tagelyk dyn bedriuw promoate. Oars stiest faak neist ûndernimmers dy’st net kenst.”
Greidhoeke yn Bedriuw
Wouter sjocht kânsen om syn konsept fan Waadhoeke in Bedrijf út te rôljen as franchise-ûndernimming, neffens him is der sels al fraach nei fan bedriuwen fan bûten de gemeente Waadhoeke. “Dêr hast in ûndernimmer foar nedich dy’t in netwurk hat, midden yn ‘e regio. Ien dy’t iepen oerkomt en himsels is. Dat sjoch ik yn Gerben en mei deselde drive moatte je inoar wat gunne.” Gerben: “Der komt ekstra wurk efterwei, mar it kin inoar hiel goed fersterke. It is moai om op dizze wize bedriuwen net allinnich op papier, mar ek digitaal in poadium jaan te kinnen.”
De lêste moannen hawwe Wouter en Gerben wurke oan it útrôljen fan it konsept fan Waadhoeke in Bedrijf nei Greidhoeke yn Bedriuw. In logo, passend by de plattelânsregio, is ûntwurpen troch Wouter, krekt as de webside. De webside is fan no ôf online, de wurkwize is trochsprutsen.
Bedriuwen kinne harren fan no ôf oanmelde oer de webside GreidhoekeynBedriuw.nl of kontakt opnimme foar in kennismakking. Lidmaatskip en fermelding op ‘e webside kostje € 99,- eks btw it jier.
Mei-inoar litte we sjen dat we grutsk binne op ús ûndernimmers yn ‘e Greidhoeke.
Gerben van Snits en Wouter van der Molen